Meänder (rivier)

Ut Wikipedy
De Meänder

De Meänder (Turksk: Büyük Menderes, letterlik: "grutte Meänder", om ûnderskied te meitsjen mei de Küçük Menderes ("lytse Meänder"), in rivier 30 km nei it noarden) is in djippe, smelle rivier fan 548 km langte yn it westen fan Turkije.

Hy rint troch súdwestlik Anatoalje en mûnet út yn de Egeyske See. Omdat de rivier in protte bochten hat, wurdt in omega-foarmige bocht yn in rivier ek meänder neamd.

De sydrivieren fan de Meänder binne de Orgyas, Marsyas, Kludrus, Leteüs en Gaeson, yn it noarden; yn it suden binne it de Obrimas, Lycus, Harpasus en Marsyas.

Neffens de beskriuwing yn de Hellenica Oxyrhynchia is it in rivier, "dy't har boarne hat by Kelainai, dy't de grutste stêd fan Phrygië is, en útmûnet yn de see yn de omkriten fan Priëne en ..." (XII 3.)

Wikiboarne De folseine tekst op Wikiboarne as Hellenica Oxyrhynchia.