Springe nei ynhâld

Maya's

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maya (folk))
Mayaman

De Maya's (Yucateeksk Maya: maaya'ob, Spaansk: mayas) binne in folk yn it suden fan Meksiko en noardlik Sintraal-Amearika. De term wurdt brûkt as oerkoepeljende namme foar in grut oantal ynlânske folken út deselde regio, dy't deselde kulturele en taalkundige eftergrûn hawwe.
Hjoed de dei binne der sa'n 7 miljoen Maya-sprekkende boeren en stedelingen yn Guatemala, Belize, Honduras en yn de Meksikaanske steaten Yûkatán, Kwintana Roo, Kampesj, Sjiapas en Tabasko. De Maya’s binne ferdield oer 29 ferskillende folken. Op it skiereilân Yûkatán wenje fierút de measte Maya’s. De Maya yn Guatemala hawwe fan alle Maya-folken de measte skaaimerken fan de âlde Mayakultuer hâlden. Dit omdat hjir de ynlânske folken oant fier yn de 20e iuw skaat hâlden waarden fan Europeanen en harren neisieten.

In soad Maya's wrakselje mei it probleem dat se oan de iene kant profitearje fan de goede kanten fan de moderne wrâld, wylst se dochs net harren eigen identiteit ferklieze wolle. Yn de 20e iuw hawwe de Maya's net allinnich slachtoffer west fan efterstelling en ûntrjochting, mar ek fan ferfolging en massamoard.

Mear as 80% fan de 200.000 slachtoffers fan de Guatemalteeske boargeroarloch (1960-1996) bestie út Maya's; yn de jierren '80 ûnder de presidinten Romeo Lucas García en Efraín Ríos Montt barde yn Guatemala in streekrjochte genoside op de Mayabefolking. De Roomsk-katolike Tsjerke fan Guatemala hat de faak grouwélige misdieden wiidweidich dokumintearre, wat in biskop fan it aartsbisdom, Juan Gerardi, it libben koste. Ien dy't fan Mayaanse side aksje fiert tsjin duorjende rjochtleazens is Rigoberta Menchú (Nobelpriis foar de Frede, 1992). Under ynternasjonale druk binne de lêste jierren lykwols mear rjochten takend oan it grutte Mayaanse befolkingsdiel; benammen it twatalich ûnderwiis is ynternajonaal wol priizge. Yn Meksiko rûnen de spanningen op doe't yn 1994 it Zapatistysk Nasjonaal Befrijingsleger (EZLN) yn Chiapas yn opstân kaam.

Yn Meksiko is Francisco Luna Kan yn 1976 as earste Maya ta gûverneur fan Yuatán keazen en ferskate middelgrutte stêden yn Guatemala hawwe de lêste jierren foar it earst Mayaboargemasters hân; dochs binne Maya's noch altiten polityk sterk ûnderfertsjintwurdige.

Sûnt de jierren santich hawwe in soad Maya's har ta it protestantisme bekeard; ûnder de Maya's in Guatemala en Chiapas binne no mear protestanten as katoliken. Benammen it evangelikaal kristendom en pinkstertsjerkeen binne populêr. Dizze feroaring is net ûnomstriden.

Yn de tiid fan de 'violencia' waard it wurk fan Noard-Amerikaanske protestantske sindelingen troch de moarddiedige Guatemalteeske oerheid stipe, wylst progressive roomsk-katolike prysters ferfolge waarden. In soad âlde (meinskips)tradysjes sille ûnder ynfloed fan it anti-ritualistyske protestantisme ferdwine, al hat dit it foardiel dat protestantske Maya's de faak djoere mienskipsplichten net mear hoege te dwaan en sa ta ekonomyske ûntwikkeling komme kinne.

Ek foar it bestriden fan alkoholisme skynt de bekearing ta it protestantisme fan in soad Maya's in posityf effekt hân te hawwen. Op guon plakken is it ta geweldsútbarstings komd tusken katolike en protestante Maya's.

Kombinaasjes fan it Roomsk-Katolyk leauwe mei tradisjonele mayareligy binne ek noch werom te finen.

Guatemalaanske froulju yn tradisjonele klean

De Maya binne benammen bekend om harren felkleurde soarten tekstyl, makke fan jern. Dizze tekstyl wurdt weefd ta ûnder oare keeps, t-shirts, boesgroentsjes en jurken. Elk doarp hat syn eigen kenmerkende patroan. Frouljusklean bestiet by de Maya’s tradisjoneel út in shirt en in lange rok.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]