Matthias fan Vierssen
Matthijs Willems (Matthias) fan Vierssen, (Ljouwert, 1591 - De Haach, 4 july 1658) wie in abbekaat en riedshear fan Fryslân.[1] Matthias wie in soan fan Willem fan Vierssen (1564-1641), dy't op jonge jierren út Prusen wei nei Fryslân ta kaam. Matthias troude yn 1621 yn Ljouwert mei Clara Mellinga (1603-1650).[2] Willem van Haren wie troud mei syn suster.
Yn novimber 1607 skreau er him yn foar de stúdzje Rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer. Op 12 septimber 1610 skreaun er him as studint yn by de Universiteit fan Marburg en op 13 augustus 1611 te Heidelberch. Yn 1614 lei er as abbekaat de eed ôf foar it Hof fan Fryslân. Yn 1620 waard hy neamd as lânsabbekaat. [3] Fan 19 maart 1625 oant maart 1648 wie hy riedshear oan it Hof fan Fryslân foar Sânwâlden. Nei him soene noch seis leden fan syn laach dy funksje beklaaie. Yn 1648 waard Fan Vierssen dêr earste presidearjende ried foar Sânwâlden. Yn 1655 docht hy ôfstân fan it amt yn it foardiel fan syn soan Willem. Nei syn ôfgean as riedshear waard hy ôffurdige fan Fryslân by de Steaten-Generaal yn De Haach. Yn dy funksje gie hy mei Van Beuningen en Reede van Amerongen nei Denemark om yn it noarden de frede te herstellen. Doe't er yn 1657 weromkaam wie dúdlik dat Denemark bûnsgenoat fan de Republyk waard.[4]
Yn 1628 waard Fan Vierssen deputearre yn de Steaten fan Fryslân foar Snits. Hy bleau dat oant 1632, mar beklaaide fan 1634 oant 1635 nochris dy funksje. Fan 1640 oant 1644 en fan 1655 - 1657 wie hy ordinaris deputearre fan de Steaten-Generaal fan de Feriene Nederlânske Provinsjes. Matthias fan Vierssen stoar yn De Haach doe't hy 67 jier âld wie en waard begroeven yn de Galileërtsjerke yn Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|