Springe nei ynhâld

Masterteken

Ut Wikipedy
Sulver mei keur fan Amsterdam, masterteken fan J.Woortman en de jierletter H foar 1819

In masterteken is in symboal dat op sulver, tin en grêfsarken slein wurdt. It masterteken, faak inisjalen fan de master, waard al foar 1500 setten. Foar sulver waard de jierletter foar 1502 feroardere, yn Fryslân waard dat pas op 1 maart 1603 regel. Doe kaam ek it stedswapen der by. Nei 1695 wurdt teffens it territoarium oanjûn, sadat Frysk sulver dêrnei fjouwer tekens draacht.

De waarboarchkantoren sille gjin gehaltestimpel en jierletter sette at der gjin masterteken slein is. Oan de jierletter kin net sjoen wurde wannear't it foarwerp, in ring, stik bestek, ûnderskieding of brandewynkom keurd waard. It jier fan fabrikaazje kin jierren earder lizze want in edelsmid of juwelier hoecht in stik net fuortendaliks keure te litten.

It ferfalskjen fan keuren en jierletters is yn Nederlân in misdriuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: