Springe nei ynhâld

Mary Shelley

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skriuwer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Mary Shelly
Troch Richard Rothwell

Mary Shelley, berne as Mary Wollstonecraft Godwin (Londen, 30 augustus 1797 – dêre, 1 febrewaris 1851) wie in Ingelske skriuwster.

Mary Shelley wie de dochter fan de feministe Mary Wollstonecraft en de filosoof William Godwin. Se waard de frou fan de ferneamde skriuwer en dichter Percy Bysshe Shelley. Har âldere man organisearre regelmjittich gearkomsten foar de doetiidske literêre grutten. Sy mocht dêrby wêze as harker. Ynspirearre troch de ferhalen fan dy grutte mannen skreaun Mary Shelly op har 19e de roman Frankenstein (The Modern Prometheus).

Se stoar op 1 febrewaris 1851 yn Londen. Op har fersyk waard hja begroeven op it hôf fan de Saint Peter's Church yn Bournemouth.

  • Frankenstein; Or, The Modern Prometheus (1818)
  • Mathilda (1819-1920, earste publikaasje 1959)
  • Valperga: Or, the Life and Adventures of Castruccio, Prince of Lucca (1823)
  • The Last Man (1826)
  • The Fortunes of Perkin Warbeck, A Romance (1830)
  • Lodore (1835)
  • Falkner (1837)

De film Gothic fan de Britske regisseur Ken Russell is foar in part basearre op de gearkomsten fan literêre kopstikken wêr't Mary Shelly by oanwêzich wie. Yn it fierders optochte ferhaal wurdt se spile troch de aktrise Natasha Richardson.