Springe nei ynhâld

Marty Feldman

Ut Wikipedy
Marty Feldman
akteur
Marty Feldman yn 1969
Marty Feldman yn 1969
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMartin Alan Feldman
nasjonaliteit Britsk
berne8 july 1934
stoarn2 desimber 1982 (48 jier)
jierren aktyf1948–1982
prizenBAFTAs: Best Light Entertainment Performance
1968: Marty
Best Writer
1968: Marty
offisjele webside
IMDb-profyl

Martin Alan (Marty) Feldman (Londen, 8 july 1934Meksiko-Stêd, 2 desimber 1982) wie in Ingelske akteur, komyk en regisseur, ferneamd om syn útpûljende eagen, dy't it gefolch wiene fan in skyldkliersykte.

Feldman waard berne yn it Londenske East End, as soan fan Joadske ymmigranten, Cecilia Crook en Myer Feldman, út Kiev, Oekraïne. Hy fielde him yn syn jonkheid "iensum" benammen yn syn jierren fan evakuaasje nei it plattelân yn de Twadde Wrâldoarloch.

Feldman syn earste optreden wie mei twa freonen yn Morris, Marty and Mitch, in komeedzje beynfloede troch de Marx Brothers. Yn 1954 trof er in geastessibbe yn Barry Took, mei wa 't er teksten skreau foar radioproduksjes lykas Educating Archie, We're in Business en The Army Game. It telefyzjeprogramma Bootsie and Snudge, dêr't Feldman haadskriuwer foar wie, waard it meast besjoen op de Britske telefyzje.

Yn de simmer fan 1961 waard by Feldman slimme hypertyreoïdy fêststeld, wat syn uterlik foar altyd feroarje soe en liede soe ta it uterlik dêr 't er no noch altyd ferneamd om is.

Yn de jierren sechtich wurke er foar ferskate telefyzjeproduksjes fan de BBC en hied er benammen sukses mei Round the Horne. Yn 1966 waard Feldman haadskriuwer foar de telefyzjesearje The Frost Report, dy 't in bliuwende ynfloed hawwe soe op de takomst fan de Britske komeedzje - gâns bekende skriuwers en akteurs, lykas Barry Cryer, Michael Palin, Terry Jones en John Cleese (de lêste trije soene letter ta de oprjochters fan Monty Python hearre) makken dêr harren debút. In oare bekende show dêr't Feldman oan meiwurke wie At Last the 1948 Show mei Tim Brooke-Taylor en de lettere Pythons John Cleese, Graham Chapman en Eric Idle (yn lytsere rollen). Hy ferskynde úteinlik foar de kamera yn At Last The 1948 Show, en syn personaazje fan de "odd little man" wie in grut sukses en smiet him in eigen komeedzjeprogramma op BBC 2 op.

Ein jierren sechstich ferhuze Feldman nei Amearika. Hy trede dêr op yn sketches yn The Dean Martin Show. Yn 1970 krige er syn eigen show, The Marty Feldman Comedy Machine.
Feldman spile yn suksesfolle Amerikaanske filmproduksjes fan de jierren santich, lykas Mel Brooks syn film Young Frankenstein as Igor, Gene Wilder syn The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter Brother en Mel Brooks syn lêste filmkomeedzje: Silent Movie. Dêrnei begûn er sels te regissearjen. Syn earste rezjy wie de komeedzje Three Foreign Legionnaires, dêr 't er ek de haadrol yn spile.


By it filmjen fan de pirate-komeedzje Yellowbeard ferstoar Marty Feldman oan in hertstilstân yn in hotel yn Meksiko-Stêd. Hy waard beïerdige op de Forest Lawn - Hollywood Hills Cemetery yn Los Angeles, yn de Garden of Heritage.

Jier Titel Rol Opmerkingen
1969The Bed Sitting RoomFerpleechster Arthur
1970Every Home Should Have OneTeddy Brown
1971The Magnificent Seven Deadly SinsMan kick Treecameo part "Sloth"; skriuwer part "Lust"
1972Today Mexico, Tomorrow the WorldFuotballer Martykoarte film
1974Young FrankensteinIgor
1975The Adventure of Sherlock Holmes' Smarter BrotherSgt. Orville Stanley Sacker
Closed Up-TightCat Burglar
197640 gradi all'ombra del lenzuolo (Sex With a Smile)Alex, the "Bodyguard" malepart "La Guardia del Corpo"
Silent MovieMarty Eggs
1977The Last Remake of Beau GesteDagobert 'Digby' Geste

Also director & writer

1980In God We Tru$tBroer AmbroseEk regisseur en skriuwer
1982Slapstick of Another KindSylvester
1983YellowbeardGilbert(lêste filmrol)
Jier Titel Rol OPmerkingen
1967At Last the 1948 Showferskate rollen
1968–69Marty / It's Marty
1970Marty Amok!telefyzjespecial
1971Marty Abroadtelefyzjespecial
1971–72The Marty Feldman Comedy Machineas himsels
1971–73The Flip Wilson Show
1972The Marty Feldman Showferskaattelefyzjefilm
1974Marty Back Together Againferskate karakters
1981The Muppet Showas himselftelefyzjerige – ien ôflevering, "Arabian Nights"

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]