Martinytoer
De Martinytoer yn de stêd Grins is mei 97 m hichte de twadheechste toer fan Nederlân nei de Domtoer yn Utert. By de toer oan de Grote Markt heart ek noch de Martinytsjerke. De Stadjers neame de toer d' Olle Grieze.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske toer is yn de jierren 1469-1482 boud. Dêrfoar ha der op itselde plak twa oare tuorren stien. De earste toer wie 30 meter heech en waard yn de 13e iuw boud. Troch ynslach fan it wjerljocht yn 1408 rekke de toer slim skansearre en der moast in nije toer boud wurde. Dy wie yn 1464 klear en wie sa likernôch 45 meter heech. Yn 1468 waard dy ek troch it wjerljocht ferneatige. Yn 1822 krige de toer beskerming troch in ôflieder tsjin wjerljocht. Neist ynfloeden fan de natoer rekke de toer ek skansearre troch minsklike ynfloeden. Yn de Tachtichjierrige Kriich baarnde it houten boppestik fan de toer ôf. Fan de befrijing fan Grins hat de toer inkeld wat kûgels te fernearen hân.
De liedklokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Martinytoer hat tolve klokken, alinne de Domtoer yn Utert hat mear.
Trije grutte klokken binne yn 1577 en 1578 getten troch Hindrik fan Trier. De grutste, fan 7850 kilo en in diameter fan 2,23 meter, wurdt de Salvator neamd, Latyn foar 'Ferlosser'. De oare twa, de grutte en de lytse Borgerklok ('boargerklok'), wage efterelkoar 4200 en 3400 kilo.
De klokken hawwe iuwenlang oarloch en frede, leed en wille oankundige. Nei in malaria-epidemy yn 1826 (Grinzer sykte) waard it deistich kloklieden ôfskaft. Sûnt 1982 liedt it Groninger Klokkenluidersgilde alle sneinen en op spesjale dagen de klokken mei de hân.
Yn 1994 waard in nije klok ynstallearre, de Kromstaart, ferneamd nei in sulveren munt dy't yn Grins brûkt waard fan de 14e oant de 18e iuw. De op ien nei grutste klok waacht 5550 kilo en hat in trochsnee fan sa'n twa meter. De klok hat it neifolgjende rym:
- Kromstaart mag men mij noemen,
- de Groningers zal ik roemen,
- want volk van Stad en Land,
- schonk mij met milde hand
- 1040-1990 Groningen stad 950 jaar.
Yn 1994 waarden ek de fjouwer klokken fan it Nije Stedhûs dat doe sloopt waard, oerset nei de toer. Yn 1995 waarden noch fjouwer klokken fan de Keninklike Klokkejitterij Eijsbouts yn Asten getten om it oarspronklik tal oan te foljen.
Tichtby it kloksgat oan de kant fan de Grutte Merk hinget noch in histoaryske klok, de Ruimstraatklok fan 900 kilo. Dy falt lykwols bûten de oaren meidat it stimlûd net by de oare klokken past.
-
Martinytoer yn 1945
-
Martinytoer by nacht
-
Klokken yn de Martinytoer
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Martinytoer fan Wikimedia Commons. |