Martijn Huting
Martijn Huting (Amsterdam, 24 novimber 1972) is in autodidaktysk byldzjend keunstner út Amsterdam. As dosint stêdebou, besiket er byldzjende keunst yn syn fak te brûken.
Nei it ateneum (1986-1992) folge er tusken 1992-1999 in oplieding oan de Technyske Universiteit Delft yn de fakulteit boukunde. Under syn stúdzje hie er al belangstelling foar it gebiet tusken arsjitektuer en byldzjende keunst. Hy folge yn 2003 boppedat it twadde jier jûnsoplieding Willem de Kooning Akademy yn Rotterdam (2003) omdat er eins te min keunst yn syn gewoane oplieding tsjin kaam.
Syn wurk sit tusken abstrakt en relatyf yn, mar ek tusken dream en werklikheid en tusken hjoed en it ferline. It wurk bestiet út tekeningen, oaljepastels, kollaazjes en polaroids. Der sitte eleminten yn fan arsjitektuer, keunstskiednis en literatuer.
Eksposysjes fan syn wurk wienen ûnder oare te sjen yn galerys yn Amsterdam, Rotterdam en Delft.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |