Marten Apperloo
Marten Apperloo (Aldeouwer, 3 desimber 1906 - De Gordyk, 3 maart 1978) wie sekretaris fan de provinsjale plankommisje fan 1 jannewaris 1972.
Wurke fan syn tolfde oant syn sechtjinde jier yn de feanterij en makke yn dy jierren in list fan alle wurksumheden dy't betrekking hawwe op de feanterij. Dêrnei wurke er twa jier yn it molkfabryk fan Ychtenbrêge en dêrnei 16 jier by it ûnderwiis (l.û. en m.û.).
Waard per 1 desimber 1957 sekretaris fan de provinsjale plankommisje dy't besocht om rysksubsydzjes los te krijen foar doarps- en mienskipssintra, krúsgebouwen, swimbaden, sportgebouwen, lêssealen ensfh. Yn it earstoan benammen foar de tsjien "ûntwikkelingsgemeenten" fan eastlik Fryslân, mar sûnt 1 jannewaris 1960, doe't de hiele provinsje "probleemgebiet" waard, foar alle 44 gemeenten.
Hy publisearre yn ûnderwiisblêden ûnder oaren oer de globalisaasjemetoade, metoades foar it ûnderwiis yn it Nederlânsk en it Frysk (tegearre mei D. Runia) en ek bydrages yn protestant-kristlike blêden en De Strikel. Skreau ek Nederlânske romans en Yn Gods takomst (KFFB-priis 1961) en tegearre mei dr. P. ten Have, Bibelûnderwiis (1968).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|