Marineblau

Ut Wikipedy
marineblau
kleurkoördinaten
heksadesimaal #000080
RGBª (rgb) (0, 0, 128)
CMYKº (cmyk) (100, 100, 0, 50)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Marineblau, marine of, mei in Ingelsk lienwurd, navy (útspr.: [ˈneːvi], likernôch: "nee-vy") is in dûnkere tint fan 'e kleur blau.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term 'marineblau' is ûntliend oan 'e dûnkerblauwe militêre unifoarmen dy't sûnt 1748 droegen waarden troch ofsieren yn 'e Britske Keninklike Marine (Ingelsk: Royal Navy, dêrfandinne de oatsjutting 'navy'). Letter waard dyselde kleur, dy't ferwiisde nei de kleur fan 'e see, oernommen troch de marines fan oare lannen. Meitiid waard it sa'n wenstige kleur foar marine-unifoarmen, dat it oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw bekend kaam te stean as 'marineblau'. Yn it Ingelsk datearret de ierste boarne foar it gebrûk fan 'e korrespondearjende term navy blue út 1813.

In admiraal fan 'e Britske Keninklike Marine yn in marineblau unifoarm út 1869.

Assosjaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed oan 'e dei wurdt marineblau noch altyd assosjearre mei de marine. Dêrnjonken is it ek in tige populêre kleur op it mêd fan badmoade, lykas foar baaipakken en swimbroeken.

Marineblautinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste tinten marineblau binne:

marineblau (HTML)   #000080                         
Indigoferve #091F92       
Crayolamarine #0066CC       
pauwefearren #2B2E43       
pearsmarine #4E5180       
Perzysk indigo #32127A       
romtemachtblau #1D2951       

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.