Springe nei ynhâld

Marijke Höweler

Ut Wikipedy
Marijke Höweler
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 july 1938
stoarn 5 maaie 2006 (67 jier)
offisjele webside
Biografyen, wurken en teksten yn de DBNL

Marijke Höweler-van Dalen (Koog aan de Zaan, 27 july 1938Amsterdam, 5 maaie 2006 wie in Nederlânske skriuwster en psychologe. Nei har houlik brûkte sy de efternamme fan har man Ype Isaac Höweler (1927-2006).

Höweler waard maatskiplik wurkster nei't se de sosjale akademy dien hie. Dêrnei studearre hja oan de Frije Universiteit fan Amsterdam. Yn 1968 studearre hja ôf yn de klinyske psychology, en wie oant 1985 wurksum as psycholooch. Dêrnei waard hja skriuwster fan teksten foar it kabaret (ûnder oaren foar Lurelei), mar se waard foaral bekend as romanskriuwster.
Se debutearre yn 1964 mei de bondel Tranen van niemand. De roman Van geluk gesproken wie har grutste sukses; it boek waard yn 1987 ferfilme troch Pieter Verhoeff. De jierren tachtich wie ek de perioade dat se folop yn de belangstelling stie, dêrnei ferflaude it omtinken al hold se wol in trouwe oanhing oer. Har romans binne as in soarte sedesketsen te beskôgjen dêr't op satiryske toan it libben fan faak goed yn bedielde, 'moderne minsken' beskreaun wurdt dy 't mei alderhanne problemen eigen oan dat 'moderne libben' te kampen hawwe.

Neist har skriuwerij wie se te sjen yn telefyzjeprogrammas en siet se yn sjuerys foar literêre prizen.

Marijke Höweler stoar yn 'e âldens fan 67 jier oan kanker. Se waard beïerdige op it Nieuwe Oosterbegraafplaats yn Amsterdam. Har man ferstoar op 27 augustus 2006.

  • 1964 - Tranen van niemand, en andere verhalen
  • 1981 - Inleiding in de klinische psychologie (redaksje, mei prof. dr. A.P. Cassee en prof. dr. R.H.C. Janssen)
  • 1982 - Van geluk gesproke
  • 1983 - Bij ons schijnt de zon
  • 1984 - Ernesto
  • 1985 - Mooi was Maria
  • 1985 - Tobias
  • 1986 - Had maar een kat gekocht
  • 1987 - Tragisch wonen
  • 1988 - Geef mij maar geld
  • 1989 - Dagen als gras
  • 1989 - Jij mag de kaarsjes uitblazen
  • 1990 - Gestoord gedrag: classificatie, etiologie en therapie (diel 10/2 fan Compendium van de psychologie; tegearre mei prof. dr. R.H.C. Janssen)
  • 1992 - Het is zover
  • 1994 - De waarheid houdt van vrolijke gezichten
  • 2002 - Onder de gordel
  • 2004 - Alle verhalen
  • 2005 - Over de streep
  • Zedenschetsen over hompelaars, De Volkskrant, 9 maaie 2006
  • Elsbeth Etty: 'Marijke Höweler (Levensbericht)'. Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde te Leiden, 2012-2013, s. 87-92. Folsleine tekst
  • J. Diepstraten, Johan Diepstraten in gesprek met Marijke Höweler, Bzzlletin 16 (1986) 82-86.
  • Emma Brunt, Jaloers. Gesprekken over jaloezie (Amsterdam 1986) 37-51.
  • A.H. den Boef, De debuten van Marijke Höweler, of Hoe iemand een afkeer van een auteur kan krijgen, Bzzlletin 25 (1995-1996) s. 75-79.