Marieke Bekke
Marieke Bekke (Harbrinkhoek (Twinte), 11 jannewaris 1985) is in byldzjend keunstner en dosinte út Harbrinkhoek, simmer 2009 út Albergen.
Yn 2004 waard se lid fan "Keunstsûnderfratsen" út Albergen. Yn 2005 waard Bekke dosinte Byldzjende Keunst en foarmjouwing oan it St Canisius yn Tubbergen. Yn 2006 studearre hja ôf as earste graads dosinte Byldzjende Keunst en Foarmjouwing yn Swol.
By har skilderijen leit de klam op 'e kleur en foarm. Marieke Bekke fertaalt realistyske fûgels, fisken en flinters en oare organyske foarmen yn figurative patroanen. Ek statyske lânskippen ûndergeane in metamorfoaze by it skilderjen en wurde grafyske ekspressive bouwurken en fiergesichten. Se brûkt in soad lakferve, trochskinendheid en lagen yn struktuer.
Eksposysjes fan har wienen te sjen yn Dimter, Rossum (Gelderlân) , Maassluis, Albergen en Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |