Maria Rutgers-Hoitsema

Maria Wilhelmina Hendrika (Mietje) Rutgers-Hoitsema (Britsum, 10 july 1847 – Rijswijk, 26 oktober 1934) wie in Nederlânsk feministe, ûnderwizeres en sosjaal herfoarmster.
Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Rutgers-Hoitsema wie in dochter fan predikant Synco Hoitsema en Rika van Bolhuis, pakesizzer fan Lambertus van Bolhuis. Yn 1865 helle hja har ûnderwiisdiploma en 1870 sette hja mei oaren in famkesskoalle op yn Leien. 1873 waard Rutgers-Hoitsema haad fan de iepenbiere famkesskoalle foar útwreide ûnderwiis yn Rotterdam.
Rutgers-Hoitsema wie feministe en (mei-)oprjochtster fan ûnder mear de Vereeniging voor Vrouwenkiesrecht, de Rotterdamsche Buurtvereeniging ter Ontwikkeling van Vrouwen en Kinderen en Gezinnen uit de Arbeidersklasse en de Vereeniging ter Behartiging van de Belangen der Vrouw. Sy die ek mei oan de gearkomsten om de Nationale Tentoonstelling van Vrouwenarbeid 1898 hinne en sûnt 1898 wie Rutgers-Hoitsema fise-foarsitster fan de Nationale Vrouwenraad. Teffens wie hja nau belutsen by de oprjochting fan de Amsterdamse School voor Maatschappelijk Werk en wie hja bestjoerslid fan de Nieuw-Malthusiaanse Bond. Begjin 20e iuw waard hja SDAP-lid. Teffens wie hja belutsen by de oprjochting fan de Vereeniging Onderlinge Vrouwenbescherming, yn 'e mande mei ûnder oaren Annette Versluys-Poelman.
Rutgers-Hoitsema troude yn Rotterdam op 3 augustus 1885 mei Jan Rutgers. It pear krige gjin bern. Rutgers-Hoitsema stoar yn 'e âldens fan 87 jier yn Rijswijk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk ûnderwizer
- Frysk polityk aktivist
- Frysk sosjaal aktivist
- Frysk politikus
- Frysk sosjalist
- Frysk feminist
- Nederlânsk ûnderwizer
- Nederlânsk polityk aktivist
- Nederlânsk sosjaal aktivist
- Nederlânsk politikus
- SDAP-politikus
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk feminist
- Frouljusrjochte-aktivist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Britsum
- Persoan berne yn 1847
- Persoan stoarn yn 1934