Margriet Eshuijs
Margriet Eshuijs | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Margriet Eshuijs (1981) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Margriet Eshuijs | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 oktober 1952 | |
berteplak | Saandam | |
stoarn | 29 desimber 2022 | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Ingelsk | |
grutste hit(s) | House for sale | |
jierren aktyf | 1972–2022 |
Margriet Eshuijs (Saandam, 14 oktober 1952 - 29 desimber 2022) wie in Nederlânsk sjongeres. Sy waard benammen bekend as de sjongeres fan de popgroep Lucifer.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As famke spile Margriet Eshuijs akkordeon, Fan in jier as njoggen ôf spile se yn ferskate bandsjes as gitariste; letter spile sy ek elektroanysk oargel en foel sy sa nedich yn as sjongeres. Yn 1972 waard de popgroep Lucifer oprjochte, de popgroep helle yn 1975 syn grutste sukses House for sale, yn 1979 hold Lucifer dermei op. Eshuijs gie nei Lucifer fierder as solo-artiste.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âlden fan Eshuijs wiene beiden muzikant en eigener fan in muzykwinkel en muzykskoalle. Eshuijs boaske yn 1975 mei Dick Buijsman, de bassist fan Lucifer. Nei har echtskieding wie se fan 1984 oant har ferstjerren yn 2022 tegearre mei sjonger-lietsjeskriuwer Maarten Peters. Ut har relaasje mei Buijsman hat se in soan.
Margriet Eshuijs ferstoar op 29 desimber 2022, yn 'e aldens fan 70 jier oan de gefolgen fan kanker
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|