Margot Begemann
Margot Begemann | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 11 febrewaris 1907 | |
berteplak | Nuenen (Noard-Brabân) | |
stoarn | 17 maart 1841 | |
stjerplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
leafste fan Vincent van Gogh |
Margaretha Carolina (Margot) Begemann (Nuenen, 17 maart 1841 - De Haach, 11 febrewaris 1907) wie in Nederlânske frou dy't in leafdespartner fan de keunstskilder Vincent van Gogh wie.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Margot waard yn Nuenen berne as dochter fan de herfoarme dûmny Willem Lodewijk Begemann, dy 't tusken 1828 en 1874 yn dat doarp stie. De famylje Begemann wenne yn Nune Ville, it hûs njonken de pastorij fan de famylje Van Gogh
Yn de simmer fan 1884 hiene Vincent van Gogh en Begemann in ferhâlding. Se hiene trouplannen, mar dat sinnige har famylje net. It wie dúdlik dat Vincent van Gogh net by steat wie om in húshâlding te ûnderhâlden en syn reputaasje yn it doarp wie net sa bêst. Der wie ek in dúdlik ferskil yn jierren. Begemann wie 43 jier âld, fan Gogh 31.
Nei't Margot besocht hie harsels tekoart te dwaan (mei strychnine) naam de ferhâlding in dramatyske draai.[1] [2]
Margot Begemann ferhuze yn 1899 nei De Haach. Se waard beïerdige op it Haachske begraafplak Nieuw Eykenduynen, dêr't har grêf anno 2008 noch altyd te finen is. Yn har berteplak Nuenen waard in strjitte nei har ferneamd.
De famylje Begemann yn Nuenen stammet ôf fan in Dútske protestantske dûmnysfamylje út Detmold yn it eardere foarstendom Lippe. De foarâlden binne werom te folgjen oant it doarp Wendlinghausen by Lemgo.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ton de Brouwer (1988): Van Gogh en Nuenen, 2e druk, Van Spijk - Venlo/Antwerpen, ISBN 9-0621-6228-2
- Peter van Overbruggen, Jos Thielemans: Van domineeshuis tot Van Goghhuis, 1764–2014: 250 jaar pastorie Nuenen en haar bewoners. Nuenen 2014.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |