Marche-en-Famenne

Ut Wikipedy
Lizzing fan Marche-en-Famenne yn de provinsje Lúksemboarch
Wapen fan de stêd
Betinkingsstien Edikt fan 1577

Marche-en-Famenne (Waalsk: Måtche-el-Fåmene) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch. De stêd hat goed 17.000 ynwenners (2008) en in oerflakte fan sawat 121 km². It is de haadstêd fan it arrondissemint Marche-en-Famenne en de offisjeuze haadstêd fan it Famennegebiet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de iere Midsiuwen wie Marche mar in lyts doarp oan de beek Marchette, ien fan de úthoven fan de tichteby lizzende Abdij fan Stavelot. Yn de 12e iuw kaam dit gebiet oan it greefskip La Roche. It plak lei tige gaadlik oan de grutte wei fan Namen nei Lúksemboarch, dat it it ûntwikkele him rillegau ta in stêd, dy't syn stedsrjochten yn de 13e iuw krige. Oan de ein fan dy iuw wie in stêd mei alles wat dêr yn de Midsiuwen by hearde: muorren, mei twa poarten, in rige wachttuorren, en in kastiel. De merk en religieuze organisaasjes koenen ta bloei komme yn de sletten stêd.

Nei 1500[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Filips II fan Spanje, soan fan Karel V, yn 1555 syn heite keizerryk urf, waarden de frijheden fan Spanje’s Santjin Provinsjes yn it noarden frijwat bekoarte, wat late ta de Tachtichjierrige Oarloch. Yn de neisleep fan de Pasifikaasje fan Gint willige Don Juan fan Eastenryk, Filip II syn healbroer en lânfâld oer de Nederlannen, it Iuwich Edikt (1577) yn; it waard tekene yn Marche yn febrewaris 1577. It edikt foarseach yn it weromlûken fan de Spaanske troepen en joech ta oan de measte frijheden fan de stêd, útsein dy't religieuze frijheid oanbelangen. Doe lôge de oarloch wer op en Don Juan stoar in jier letter by Namen.

It kastiel en de ferdigeningsmuorren waarden ein 17e iuw ûntmantele fanwegen Loadewyk XIV fan Frankryk. In iuw letter kamen de Frânske revolúsjonêre troepen de stêd yn en sletten it konvint. Op 't heden is Marche-en-Famenne is libben regionaal sintrum mei syn skoallen, lichte yndustry, militêr kompleks en toeristyske atraksjes.

Oare kearnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aye, Hargimont, Humain, Marloie, On, Roy en Waha.

Marche-en-Famenne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]