Marcel Taton
Appearance
Marcel Taton, (Demokratyske Republyk Kongo, 1957) is in Belgysk byldzjend keunstner. Hy is autodidaktysk byldhouwer, keunstskilder, ûntwerper fan jewielen en fotograaf en folge in oplieding fan binnenhûsarsjitekt.
Hy besiket figuratyf en surrealistysk hieltiten in fernijend byld te meitsjen. Syn ynderlike driuw en fantasij twinge himsels in autentyk byld te meitsjen fan it gewoane bestean. It boartlike en útskroevene wurket er út yn in konkrete tins. Hy wit meastentiids yn it foar wat er meitsje wol en leit sels de titel al fêst. Taton besiket in eigen soarte iroanyske en boartlike werklikheid út te byldzjen.
Hy wurket in soad yn brûns en hat eksposearre yn in soad lannen, ûnder oaren de Feriene Steaten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Kategoryen:
- Kongoleesk byldhouwer (Demokratyske Republyk Kongo)
- Kongoleesk keunstskilder (Demokratyske Republyk Kongo)
- Kongoleesk ûntwerper (Demokratyske Republyk Kongo)
- Kongoleesk fotograaf (Demokratyske Republyk Kongo)
- Belgysk byldhouwer
- Belgysk keunstskilder
- Belgysk ûntwerper
- Belgysk fotograaf
- Belgysk persoan fan Kongoleesk komôf (Demokratyske Republyk Kongo)
- Persoan berne yn 1957