Mar Saba

Ut Wikipedy
Mar Saba

ܕܝܪܐ ܕܡܪܝ ܣܒܐ‎

bouwurk
lokaasje
lân Palestina
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier (Stifting) 439; restauraasje 19e iuw

It Hillige Lavra fan Sint-Sabbas, yn it Syrysk bekend as Mar Saba (Syrysk: ܕܝܪܐ ܕܡܪܝ ܣܒܐ‎, Arabysk: دير مار سابا‎; Hebriuwsk: מנזר מר סבא; Gryksk: Ἱερὰ Λαύρα τοῦ Ὁσίου Σάββα τοῦ Ἡγιασμένου) is in Eastersk-otterdoksk kleaster oan it súdlike klif fan de Kidron-delte yn de Woastyn fan Judeä, healwei tusken Jeruzalim en de Deade See, yn it Palestynske gûvernemint Bethlehem oan de Westlike Jordaanoere. It kleaster falt ûnder de jurisdiksje fan de otterdokske tsjerke fan Jeruzalim.

It kleaster waard yn 483 stifte troch de muonts Sabbas. It wurdt beskôge as ien fan de âldst bewenne kleasters fan 'e wrâld en it hâldt noch jimmeroan oerâlde tradysjes yn eare. Ien dêrfan is dat froulju gjin tagong ha ta it kleaster. It wurdt froulju allinne tastien om de saneamde "Froulju's Toer" bûten de kleastermuorren yn te gean, dy't Sabbas foar syn mem Sofia bouwe liet en dat letter tsjinne as ferbliuw foar froulju dy't by it kleaster woene wêze. Tsjin it ein fan it libben fan Sint-Sabbas wennen der oant 5.000 muontsen yn it troch him stifte kleaster. De tusken 494 en 501 boude Katedraal fan de Ferkundiging waard ûnder keizer Justitianus foltôge. Yn in glêze kiste leit dêr it oerskot fan Sint-Sabbas.

Yn it kleaster wenne ek oant syn dea de teoloog Jehannes fan Damaskus (676-749), dy't in wichtige rol spile yn it Byzantynsk ikonoklasme. De tombe fan de hillige stiet yn in grot ûnder it kleaster.

Froulju's toer

It kleaster waard yn de 7e iuw troch de Perzen skeind mar in renovaasje folge. De skedels fan de yn de 7e iuw fermoarde muontsen wurde yn fitrines yn grotten bewarre. It kleaster waard yn de 9e iuw fortifisearre.

Yn de krúsfarderstiid makke it kleaster in grutte bloei troch en waard it feridere fortifisearre. De krúsfarders namen by harren ôftocht de reliken fan Sint-Sabbas mei nei Feneesje. Se bleaune yn Itaalje oant paus Paulus VI se yn 1965 werom joech oan it kleaster om sa de otterdokske kristenen in hân te rikken.

Under de Ottomaanske besetting waard it kleaster ferskate kearen oerfallen troch lokale bedoeïnen. It rekke ek skansearre troch in 19e iuwske ierdskodding, mar waard dêrnei yn 1840 restaurearre troch it Russyske Keizerryk.

It kleaster hat in wichtige rol spile yn de histoaryske ûntwikkeling fan de liturgy fan de otterdokske tsjerke om't it Typikon (de wize fan fiering fan de earetsjinst) fan it kleaster fan Sint-Sabbas standert waard yn de Eastersk-otterdokske tsjerke en de Eastersk-katolike tsjerke dy't de byzantynske ritus folget.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mar Saba