Springe nei ynhâld

Mantsjoerije

Ut Wikipedy

Mantsjoerije is in gebiet fan om-ende-by 800.000 km² yn it noardeasten fan Sina en it fierste súdeasten fan Ruslân.

Yn it ferline hawwe grutmachten as Ruslân, Sina en Japan om it besit derfan striden. Mantsjoerije grinzet yn it westen oan Mongoalje, yn it noarden oan Sibearje en yn it easten oan Noard-Korea.

Neffens guon definysjes is it gebiet itselde as it hjoeddeiske Noardeast-Sina. Yn dat gefal hat Mantsjoerije goed 100 miljoen ynwenners.
It is ferparte oer de trije Sineeske provinsjes:

Mantsjoerije wie yn de protohistoaryske tiid bewenne troch feehoeders en jagerstammen, foarâlden fan de Toengûzen en de Mantsjoes. Yn de 2e iuw f.Kr. sette ynfallen útein troch de Sinezen. Sûnttiids wikselen perioaden fan selsstannigens (Pohai-ryk, 712-926) en bûtenlânske oerhearsking harren ôf. Yn 1115 stifte de Toengûzen de Kin-dynasty benoarden fan Sina. Sy waarden lykwols yn 1234 troch de Mongoalen ferslein dy't fan Mantsjoerije in provinsje meitsje. Neidat de Mongoalen troch de Ming-Sinezen ferslein waarden wisten ek de Mantsjoes harren te reorganisearen. Under Hwang Tay-ky foelen sy Sina binnen en stifte de Tj'ing-dynasty (ek Mantsjoe-dynasty neamd). Syn soan Foe-ly oermastere hiel Sina en waard de earste keizer fan de Tj'ing dynasty.

Mantsjoekwo 1933-1945

Mantsjoerije waard ûnder de Bokseropstân troch Russyske troepen beset. Nei de Russysk-Japanske Oarloch (1905) waard it skiereilân Liau-toeng yn in Japanske en Russyske ynfloedsfear ferparte. Yn 1917 joech de Sowjet-Uny alle oanspraken op Mantsjoerije op. Yn 1931 besette Japan hiel Mantsjoerije dat ûnder de namme Mantsjoekwo in fazalsteat waard. Yn 1934 waard de lêste Sineeske keizer P'oe-y keizer fan Mantsjoerije. Op de ein fan de Twadde Wrâldkriich yn 1945 foelen Russyske troepen Mantsjoekwo binnen, dochs gongen wer fuort yn 1946. Mei Amerikaanske stipe waarden troepen fan Tjiang K'ai-sjek nei Mantsjoerije hinne flean. Dy troepen laten yn 1948 in nederlaach tsjin de Kommunisten fan Mao Tse-toeng.

De regio is ryk oan stienkoal, in dylchstof dy't sûnt de ein fan de 19e iuw fan grut belang waard foar de produksje fan stiel en foar it draaie litten fan stoommasines.