Manny Charlton
Manny Charlton | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Manuel Charlton (1976) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Manuel Charlton | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 25 july 1941 | |
berteplak | La Línea de la Concepción | |
stoarn | 5 july 2022 | |
stjerplak | Teksas | |
etnisiteit | Skotsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Hardrock | |
ynstrumint | Gitaar | |
grutste hit(s) | Love Hurts | |
jierren aktyf | 1958-2022 | |
offisjele webside | ||
Offijele webside Manny Charlton |
Manuel (Manny) Charlton (La Línea de la Concepción, Spanje, 25 july 1941 - Teksas, Feriene Steaten, 5 july 2022) wie in Skotsk gitarist. Hy waard bekend as mei-oprjochter fan Nazareth.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat er by Nazareth kaam, spile Charlton yn in pear bands, benammen de Mark 5 en letter de Red Hawks, oant er lid waard fan de band The Shadettes. Yn 1968 feroare de band syn namme yn Nazareth, ynspirearre troch de iepeningstekst fan The Weight, in liet fan The Band. Charlton wie ek jierrenlang de produsint fan de band, as opfolger fan Roger Glover fan Deep Purple, nei't de band besletten hie in nije rjochting yn te slaan foar it album Hair of the Dog.
Charlton produsearre ek it titelleaze Dan McCafferty-debútalbum yn 1975, mei in single Out of Time. Hy soe in rige suksesfolle Nazarethalbums produsearje, oant en mei No Mean City yn 1979.
Axl Rose fan Guns N' Roses woe yn't earstoan dat "de man dyt Nazareth's Hair of the Dog produsearre" produsearje soe wat it trochbrekken fan de band wurde moatte soe. Charlton krige it fersyk fan Geffen Records en produsearre yn juny 1986 ferskate opnamen yn Sound City Studios te Los Angeles. Oan de ein fan de sesje hiene se 25 nûmers op tape. Nei dit earste wurk gie Charlton werom nei Nazareth yn Jeropa en Guns N' Roses hierde Mike Clink yn om it album te produsearjen. Charltons produksjes binne opnaam as bonussen op de werútjefte fan Appetite for Destruction yn 2018.
Nei it ferlitten fan Nazareth yn 1990 spile Charlton in pear soloshows yn it Skotske klupsirkwy en brocht er syn earste soloalbum Drool út yn 1997, mei Neil Miller op sang. It jier dêrnei ferhuze er nei Teksas, dêr't er de Manny Charlton Band (MCB) oprjochte. De nije band brocht in pear albums út foardat se yn 2003 útinoar giene.
Tusken 2003 en 2005 brocht Charlton wer wat solowurk út en begjin 2006 kaam Charlton by de Sweedske rockband From Behind, dy’t harren debútalbum mei de titel Game Over útbrocht en troch Europa toerde om it album te stypjen foardat se ein 2007 útinoar giene. Charlton brocht doe in solo-album Americana Deluxe út, mei nûmers as Fleetwood Mac's Tusk.
Charlton wie in oantal jierren boaske mei Isabel mei wa't er in soan en dochter krige. Yn 1997 ferhuze Charlton nei Texas yn Amearika, dêr't er boaske mei in Julie. Yn 2015 ferhuze er nei Cordoba yn Spanje.
By in besite oan de Feriene Steaten ferstoar Charlton op 5 july 2022 yn Teksas, yn 'e âldens fan 80 jier.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Nazareth | novimber 1971 | Nazareth | Dear John, Morning Dew (Bonnie Dobson cover), |
Exercises | july 1972 | ||
Razamanaz | maaie 1973 | Broken Down Angel, Bad Bad Boy, Razamanaz | |
Loud 'n' Proud | novimber 1973 | This Flight Tonight (Joni Mitchell cover) | |
Rampant | 26 april 1974 | Shanghai'd in Shanghai | |
Hair of the Dog | 3 april 1975 | Love Hurts (The Everly Brothers cover), Hair of the Dog | |
Close Enough for Rock 'n' Roll | 1976 | Carry Out Feelings, Loretta | |
Play 'n' the Game | I Want To (Do Everything for You) (Joe Tex cover), Somebody to Roll, I Don't Want to Go On Without You (The Drifters cover) | ||
Expect No Mercy | 1977 | Gone Dead Train, Shot Me Down, Place in Your Heart | |
No Mean City | 1979 | May the Sunshine, Star | |
Malice in Wonderland | 1980 | Holiday | |
The Fool Circle | febrewaris 1981 | ||
2XS | jannewaris 1982 | Love Leads to Madness, Games, Dream On | |
Sound Elixir | juny 1983 | Where Are You Now | |
The Catch | 1984 | Party Down, Ruby Tuesday (The Rolling Stones cover) | |
Cinema | 1986 | Cinema | |
Snakes 'n' Ladders | jannewaris 1989 | Piece of My Heart (Erma Franklin cover) | |
Drool | 1999 | Manny Charlton | |
Bravado | 2000 | ||
Stonkin | 2002 | Manny Charlton Band | |
Klone This | 2003 | ||
Say The Word | 2004 | Manny Charlton | |
Sharp | 2004 | ||
Sharp Re-Loaded | 2005 | ||
Game Over | 2006 | From Behind | |
Americana Deluxe | 2007 | Manny Charlton | |
Then There's This | 2008 | ||
Hellacious | 2013 | Manny Charlton Band | It Does Something |
Solo | 2016 | Manny Charlton |