Springe nei ynhâld

Manljusblêd

Ut Wikipedy

In manljusblêd of heareblêd is in tydskrift dat manlju as doelgroep hat, en dat omtinken jout oan alderhanne ûnderwerpen dêr't in soad manlju belangstelling foar hawwe. Dat kinne wêze: froulju, sport, seks, misdie, auto's en/of motorfytsen, manljusmoade, popmuzyk, ark en reau, beskate soarten boartersguod (bygelyks radiografysk bestjoerbere auto's of fleantugen), tillefyzjeprogramma's, films, manlike lifestyle-ûnderwerpen, iten en drinken, populêr-wittenskiplike ûnderwerpen en 'manljusferhalen', oer it algemien oer seksuële eskapades.

Foarbylden fan manljusblêden binne Aktueel, FHM, Maxim en Panorama. In spesjaal soarte manljusblêd is it neakenblêd, dat foar in diel of benammen fotoreportaazjes opnimt fan neakene froulju. Foarbylden dêrfan binne de Playboy en Penthouse. Noch fierder geane pornoblêden, dy't pornografyske fotoreportaazjes útprintsje wêryn't de neakenmodellen ek wier seksuële omgong hawwe. Hoewol't pornoblêden oer it algemien wol deeglik foar in manlik publyk bedoeld binne, wurde se mar selden omskreaun as 'manljusblêden'. In apart soarte manljusblêd is fierders in tydskrift dat bedoeld is foar in homoseksueel lêzerspublyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenser, op dizze side.