Springe nei ynhâld

Aktueel (tydskrift)

Ut Wikipedy
Aktueel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre manljusblêd
frekwinsje 1x wyks
bestean 19782012
ISSN ûnbekend

Aktueel wie in Nederlânsk tydskrift dat foar it meastepart manlju as doelgroep hie. It wie in wykblêd wêryn't publisearre waard oer de entertainmentyndustry, sport en misdie. Fierders stiene der artikels yn oer aktuële ûnderwerpen, mei dêropta ien of twa neakenfotoreportaazjes fan jonge froulju.

Aktueel ûntstie yn 1982 troch in nammewiziging fan it yn 1978 oprjochte tydskrift Rits. Nei 24 jier lang ferskynd te wêzen as Aktueel, folge op 21 juny 2006 in twadde nammeferoaring. Dêrnei gie it wykblêd fierder as Aktueel Sportief. It rjochte him fan dat stuit ôf benammen op sport, en de eroatyske ynhâld ferdwûn suver hielendal út it tydskrift.

Al yn maart 2009 waard de namme foar de trêde kear feroare. It blêd kaam doe Aktueel MAN te hjitten, mei in ynhâld dy't wer mear op manlju en minder algemien op sport rjochte wie. De nije formule holp lykwols net om 'e oplaach te fergrutsjen; it tydskrift rekke finansjeel yn 'e benearing, en waard yn 2012 úteinlik opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.