Makrinus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan keizer Macrinus op in brûnzen munt út Moesia Inferior mei opskrift: AVT K M OΠEΛΛI CEVH MAKPINOC AV'

Marcus Opellius Macrinus, koartwei op syn Frysk Makrinus wie keizer fan Rome fan 11 april 217 oant 8 juny 218. Hy wie fan "Moarske" komôf[1] en de earste keizer dy't net út de senatoarestân kaam.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

Makrinus wie ôfkomstich út de Romeinske provinsje Mauretania Caesariensis (Noard-Afrika). Hy groeide op yn in aadlike Romeinske laach fan 'Equites" en krige in treflike oplieding wêrtroch hy opgong meitsje koe en in plak fertsjinne by de Romeinske politike elite. Hy stie bekend as in deskundich abbekaat en ûnder keizer Septimius Severus waard hy in bekend burokraat. Karakalla de opfolger fan keizer Severus beneamde him as prefekt fan de Praetoriaanske garde.

Makrinus beselskippe de keizer nei de eastlike provinsjes dêr't sy tariedings troffen foar de militêre kampanje tsjin de Parten yn maaitiid fan 217. Mar op in ekspeksytocht waard Karakalla fermoarde en Markrinus soe dêr de hân yn hân hawwe. Markinus beneamde himsels as de nije keizer fan it Romeinske Ryk en wiisde syn soan Diadumenianus oan as Caesar en opfolger.

Bewâld (11 april 217 - 8 juny 218)[bewurkje seksje | edit source]

Omdat Makrinus tiid nedich hie om syn posysje te fersterkjen, wienen de Parten ûnder kening Artabanus IV foar him op dat stuit in probleem en hy besocht fuortendaliks frede te sluten. De Partyske kening seach dat oanbod as in teken fan swakte en foel it Romeinske Ryk oan. Yn de kriich dy't dêr op folge waard it leger fan Makrinus ferslein en wie de keizer twongen om in neidielige frede te sluten. Ek slute Markinus frede mei de Armeenjers en de Daasjers. Troch dizze hannelingen ferlear Makrinus alle 'goodwill' dy't er hie (ek omdat hy noch hieltyd Rome net besocht hie). Julia Domna, de mem fan Karakalla, en Julia Maesa, har sus, besleaten om Makrinus út de wei te romjen. Sy stoken it leger op en lieten dy op 15 maaie 218 de beppesizzer fan Maesa Elagabalus (14 jier âld) ta keizer útroppe.

Ein[bewurkje seksje | edit source]

Op 8 juny kaam it ta in fjildslach (slach by Antioochje) tusken de opstannige troepen fan Elagabalus en de troepen dy't loyaal oan Makrinus wienen. De slach waard troch Elagabalus wûn en it lot fan Makrinus wie besegele. Hy flechte, mar waard ûnderweis finzen nommen en koart dêrnei eksekutearre yn Kappadoasje. Syn soan dy't koart foar de beslissende slach ta mei-keizer beneamd waard, folge net folle letter, itselde lot as dat fan syn heit.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarne:

Fuotnoat:

  1. Neffens Kassius Dio yn syn Skiednis fan Rome hie Makrinus in gatsje yn syn ear, lykas de Berbers yn dy tiid went wienen om te dwaan (boek 79, sjoch hier)

Keppeling om utens: