Springe nei ynhâld

Mahoanje (kleur)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mahoanjebrún)
mahoanje
kleurkoördinaten
heksadesimaal #C04000
RGBª (rgb) (192, 64, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 67, 100, 25)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Mahoanje of mahoanjebrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún of ek wol fan oranje. It is in oranjich brún dat basearre is op 'e kleur fan 'e houtsoarte mahoanje. Sok hout hat lykwols net ien unifoarme kleur, en moat dêrom net mei de kleur betize wurde. As kleuroantsjutting wurdt 'mahoanje' teminsten al brûkt sûnt 1737, doe't it foar it earst as sadanich optekene waard yn 'e Ingelske foarm mahogany.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is mahoanje in sekundêre kleur, dy't produsearre troch it mingen fan read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory kreëarre wurdt út it mingen fan syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege ynstee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.

Besibbe kleuren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mahoanjeread is in kleur dy't readiger is as mahoanje.

mahoanjeread #CD4A4C                         
ljochtmahoanjeread #DD6D5B       
donkermahoanjeread #9D3C27       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.