Mahoanjeread

Ut Wikipedy
mahoanjeread
kleurkoördinaten
heksadesimaal #CD4A4C
RGBª (rgb) (205, 74, 76)
CMYKº (cmyk) (0, 64, 63, 20)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Mahoanjeread is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read. It kin omskreaun wurde as feale kleur brunich read. Mahoanjeread is ferneamd nei de houtsoarte mahoanje en moat net betize wurde mei de kleur mahoanje, dat in tint fan brún is. It ierste dokumintearre gebrûk fan 'e namme 'mahoanjeread' as kleuroantsjutting (yn 'e foarm fan it Ingelske mahogany red) datearret fan 1843.

Yn 'e wiidweidige kolleksje waakskryt fan 'e bekende Amerikaanske fabrikant Crayola wurdt de kleur mahoanjeread oantsjut as 'mahoanje' (mahogany). Dy kleur Crayola-waakskryt bestiet sûnt 1949.

Kleurtechnyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is it in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de trije primêre kleuren (read, grien en blau) te mingen. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch ferminging fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.

Besibbe tinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

mahoanjeread #CD4A4C                         
ljochtmahoanjeread #DD6D5B       
donkermahoanjeread #9D3C27       

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.