Madelinus

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gouden tremissis

Madelinus wie yn de iere midsiuwen in muntmaster dy't aktyf yn it hjoeddeistige Nederlân wie.

Fan Madelinus is bekend dat er yn de Merovingyske tiid te Maastricht munten sloech. Yn Dorestêd (Wyk by Duurstede) wurke hy yn de twadde helte fan de 7e iuw. Fan him binne gouden muntstikken (tremisses) ôfkomstich út Dorestêd dy't û.m. foarsjen binne fan it opskrift DORESTATI FIT (slein yn Dorestêd) mei op de oare siden syn namme. In oare muntmaster út dizze tiid wie Rimoaldus.

De munten fan Madelinus waarden ferfolgens in protte neimakke yn Frankyske en Fryske gebieten. Goed 80% fan de sirka 500 weromfûne munten wurde foar imitaasjes hâlden.[1] De Madelinus-munten en eardere imitaasjes hiene in goudgehalte fan likernôch 50%, by imitaasjes inkele desennia letter rint dat tebek nei 5 à 10 %.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. T.M. Buijtendorp (2010), Forum Hadriani. De vergeten stad van Hadrianus, side 61 (proefskrift)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]