Springe nei ynhâld

Maasplassen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maasmarren)
Kaart fan de Maasplassen

De Maasplassen binne in rige keunstmjittige marren yn Nederlânsk en Belgysk Limburch; it grutste part leit yn Nederlân. De plassen ha in grutte fan likernôch 3000 hektare. Om de plassen hinne lizze ûnder oaren Roermond, Maasbracht en Heel.

De plassen binne ûntstien troch de grintwinning yn dy omkriten. Benammen yn de 20e iuw wie dat in grutte yndustry, mar ek begjin 21e iuw wurdt der noch altyd grint wûn yn de marren.

Gemeenten om de plassen hinne profitearje fan de marren troch der in grutte toeristyske attraksje fan te meitsjen. By de marren del binne tal fan horekatintsjes, havens, strannen en kampings oanlein. Yn de omkriten lizze ek noch in tal natuergebieten, benammen de Beegderheide, it Leudal en De Meindyk by Roermond.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]