MKF De Wide Stege
MKF De Wide Stege is in muorrekeatsferiening yn Jirnsum. De feriening is oprjochte op 10 july 2008. De klupkleuren binne oranje-blau. Op 1 jannewaris 2010 hie de klup 31 leden.
Untstean en akkommodaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening is ûntstien út in ploechje leafhawwers dat foar de oprjochting al in jiermennich regelmjittich aktyf wie yn de pleatslike gymseal. De namme fan de klup ferwiist nei de Wiide Steech, in strjitte yn it sintrum fan Jirnsum én nei de âlde Ierske keatsbanen dy't dêr Wide Alleys neamd wurde. Yn jannewaris 2007 is yn de gymseal in offisjeel fjild markearre en boppedat in 4-tal mini-banen dy't troch de skoallejeugd brûkt wurde. Yn 2010 hat de klup de beskikking krigen oer in eigen bûtenbaan op Sportpark De Bining. Op 16 april 2011 is de baan offisjeel iepene troch Atje Keulen- Deelstra.
Wedstriden en kompetysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2009 binne de earste klupkampioenskippen yn it inkelspul foar senioaren hâlden. Fierder wurdt der foar de jongerein sûnt 2007 yn de wintermoannen wykliks kompetysje hâlden.
Wikselprizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klup hat in 4-tal wikselprizen:
- Klupkampioen inkelspul hearen: De Jiske fan de Wide Stege
- Iepen Frysk Kampioenskip Muorrekeatsen: De Gouden Japke
- Winner fan de jeugdkompetysje: De Gouden Wikselklinker
- Winner fan it hjersttoernoai: De Italiaanske Wikselbal