Springe nei ynhâld

Mûne N-M

Ut Wikipedy
Mûne N-M
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Sint Maartensvlotbrug
adres Parallelweg 11
koördinaten 52°46'N 4°41'E
bysûnderheden
funksje poldermûne
flecht 22,8 m
boujier 1657
oare ynformaasje
eigner Stifting Zijpermolens
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41936
Webside
zijpermolens.nl
Kaart
Mûne N-M (Noard-Hollân)
Mûne N-M

De Mûne N-M of Noarder-M is in poldermûne yn it doarpsgebiet fan it Noard-Hollânske plak Sint Maartensvlotbrug. De mûne is in Noard-Hollânske binnenkruier mei in flecht fan 22,8 m.

De yn 1657 boude mûne bemealle oant 1953 de likernôch 263 ha grutte ôfdieling Noard-M fan 'e Zijpe- en Hazepolder. Yn dat jier naam in gemaal it bemeallen oer.

Nei't de mûne yn 1953 syn funksje ferlear bleau it ûnderhâld út en waard de mûne brekfallich. Yn 1967 naam de Stifting Zijpermolens de soarch foar de mûne oer, dy't de mûne yn 1968 restaurearre sadat er wer draaie koe. De mounderswente wie ek ferfallen en is yn 1974 ôfbrutsen.

Yn 1980 waard it ûnderrêd en skeprêd op 'e nij oanbrocht, sadat de mûne wer mealree wie.

Njonken de mûne stiet in elektrysk gemaal, dat jierren troch syn hichte de mûne yn dy rjochting yn it draaien beheinde. Yn 2005 is it gemaaltsje dêrfandinne oanpast en de mûne kin no alle kanten út draaie.

De mûne wurket regelmjittich en der kin dan in besite brocht wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: