Lytse seachbek
lytse seachbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje (boppe) en wyfke (ûnder) | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mergellus albellus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
De lytse seachbek is in 42 sm lytse ein út de famylje fan de einfûgels. De fûgel is besibbe oan de rinkelein. Se kinne sels meiinoar jongen krije, hoewol dy net fruchtber binne. It mantsje en wyfke fan de lytse seachbek binne goed fan inoar te ûnderskieden. It mantsje is wyt mei fine swarte streken. It wyfke is meast griis mei in brune kop en liket wol op it wyfke fan de rinkelein.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse seachbek komt foar yn hiel Jeraazje yn de nuddelbosken súdlik fan de Poalsirkel. Yn de hjerst ferlit de fûgel syn briedgebiet en oerwintert meast yn West-Jeropa, by de Swarte See en de Kaspyske See. Ek yn Nederlân binne se by winterdei wol te sjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse seachbek yt winterdeis foaral lytse fisken. Simmers ite se meast wetterynsekten. Mar de lytse seachbek yt dan ek wol kreeften, wjirms en wetterplanten.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse seachbek is in hoalebrieder. Se briede meast yn beamholten en dêrom is harren briedgebiet ek beheind ta bosken, it leafst by in mar mei in protte fisk of by in rivier. It nêsthol kin wol ferskeidene meters boppe de grûn lizze. De fûgels begjinne heal maaie te brieden. De 6-9 aaien wurde yn sa'n 30 dagen utbred. Sa'n 24-36 oeren nei it útkommen springe de jongen út it nest nei ûnderen. Nei in wike as sân kinne de jongen harren sels rêde.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- List fan fûgels
- Commons: Lytse Seachbek – foto, fideo en harktriemmen
- Fûgelsoarte
- Einfûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan