Lytse iisfûgelflinter
lytse iisfûgelflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Limenitis camilla | ||||||||||||
Linnaeus, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De lytse iisfûgelflinter (Limenitis camilla) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse iisfûgelflinter libbet foaral in ôfwikseljende fochtige mingde bosken of leafbosken. Hy kaam earder foar op in grut diel fan de sângrûnen yn East- en Súd-Nederlân. Op it stuit binne se allinnich nog te finen yn Twinte en de Achterhoek. Fan 1990 ôf is de flinter sterk efterútgongen. De Lytse Iisfûgelflinter is in honkfêste soart.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wjuklingte is likernôch 22 oant 29 mm. Oer de ûnderkant fan de efterwjuk rint in dûbele rige donkere plakjes. De flinter liket sterk op de Blauwe Iisfûgelflinter.
Fljochtiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flinter fljocht fan ein maaie ôf oant ein augustus. Benammen de earste helte fan juny oant ein july. Soms is der in twadde generaasje yn septimber mar dat is mar hiel seldsum.
Rûp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rûp kin 30 mm wurde. It liif is felgrien mei twa rigen brune fertakke toarns op 'e rêch. De kop is brún. De hiele rûp is bedutsen mei wite wartsjes. De rûp hat in tige ûnderskiedend fretspoar. De rûpen frette de blêden sà op dat allinnich de middennerf stean bliuwt. Se oerwinterje troch in blêd fan de Kamperfoelje byelkoar te spinnen ta in soartemint kapsule.
De rûp fret allinnich fan de Kamperfoelje.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Flintersoarte
- Iisfûgelflinter
- Aureliaflinter
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä