Lytse-peallepiip

Ut Wikipedy
De poarte yn 1652.

De Lytse-peallepiip is in eardere wetterpoarte yn Snits.

Dizze stiennen piip mei izeren leunings foarme by de Lege-Peallen (tsjintwurdich Lytse Peallen) de trochfeart foar skippen fanôf de Wâldfeart út de rjochting fan Langwar. Destiids wie der noch in trochfeart rjochting de Singel en it Grutsân. De poarte is dimpt oan de ein fan de 18e iuw.

Tichtby dizze piip lei it Suder Rûndiel mei de Súdmûne (sloopt yn 1790).