Lyts-Ayngastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lyts Ayngastate)

Lyts-Ayngastate lei fuort noardwestlik fan de tsjerke fan Jislum yn de gemeente Ferwerderadiel. De state is mooglik al foar 1200 ûntstien, op it stee stiet no in pleats.

Romko Aynga fermakke yn 1465 in oar goed yn Jislum, dêr't Anne Jukes wenne (allodium in villa vocata Jesselem, quod Anna Jukonis possidet), oan syn suster Bauk dy't by de Grauwe susters yn Fiswert by Ljouwert yntreden wie. Omdat de Fiswerter goeden nei de Reformaasje oan de Ljouwerter stedsearmen kamen, is dat goed krekt te lokalisearjen: it giet om de sate dy't fermelden stiet ûnder nûmer 4 yn it floreenkohier en grinze oan Grut Ayngastate (FC1).

Yn 1640 wie it eigendom fan de “Stadsarmen van Leeuwarden” en wie Gaitse Ruirts brûker. Yn 1698 en 1700 wie de doe 60 pûnsmiet (± 22 ha) grutte pleats noch fan deselde eigener, mar de brûker hiet Johannes Jeppes. Tusken 1700 - 1728 hat de stêd Ljouwert it goed ferkocht, want yn it lêstneamde jier is de pleats eigendom fan jonker Julius Ritske van Sixma en is Lieuwe Jans brûker. Yn 1832 is it eigendom fan de erven Du Tour van Bellinchave.

Bewenners
  • 1465 Romko Aynga
  • Bauk Aynga
  • 1640, 1698 en 1700 Ljouwerter stedsearmen
  • 1728 jonker Julius Ritske fan Sixma
  • 1832 erven Du Tour van Bellinchave

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: