Springe nei ynhâld

Lyngby-Taarbæk (gemeente)

Ut Wikipedy
Lyngby-Tårbæk
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioHaadstêd
boargemasterSofia Osmani
sifers en geografy
haadplakKongens Lyngby
ynwennertal55.472 (2018)
oerflak38,78 km²
skiednis
oprjochte1899
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.ltk.dk

Lyngby-Tårbæk is in gemeente yn Grut-Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.

Oant 1909 hiet de gemeente Lyngby Sogneråd, mar doe't Tårbæk fanwegen in skoallekwestje drige mei ôfskieding waard de namme yn Lyngby-Taarbæk feroare. De ried hie nammentlik besletten ta de bou fan in nije skoalle yn Lyngby, wylst Tårbæk in âlde ferfallen skoalle hie mar wol in soad belestingynkomsten ôfdroech. Om it foar Tårbæk dreger te meitsjen him los te snijen waard de namme feroare en krige in nije skoalle dy't yn 1914 iepene waard.

It besjen wurdich binne yn de gemeente û.o. it Iepenlofmseum fan it Deenske Nasjonale Museum, Slot Sorgenfri, de residinsje fan it Deenske keningshûs, en Marienborg, de simmersit fan de Deenske premier.

By de lêste grutte weryndielings (1970, 2007) fûnen der gjin feroarings plak foar de gemeente Lyngby-Tårbæk

Plakken[1]
NrPlaknammeYnwenners (2016)
1Lyngby11.647
2Ulrikkenborg9.025
3Sorgenfri6.470
4Virum14.170
5Lundtofte5.960
6Hjortekær5.089
7Tårbæk1.480
Boarnen, noaten en/as referinsjes: