Springe nei ynhâld

Lútzen Dijkstra

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Luitzen Dijkstra)
Lútzen Dijkstra
Reedrider
Sjoukje Dijkstra wurdt 'medysk ûndersocht' troch har heit Lou Dijkstra, in dei nei de Winterspullen fan 1960 yn Garmisch-Partenkirchen
Sjoukje Dijkstra wurdt 'medysk ûndersocht' troch har heit Lou Dijkstra, in dei nei de Winterspullen fan 1960 yn Garmisch-Partenkirchen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lútzen Dijkstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 maaie 1909
berteplak Peazens
stjerdatum 24 april 1964
stjerplak Amstelfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Garmisch-Partenkirchen 1936

</noinclude> Lútzen (Lou) Dijkstra (Peazens, 7 maaie 1909 - Amstelfean, 24 april 1964) wie in Fryske reedrider.

Syn bêste útslach wie in twadde plak by it Nederlânsk Kampioenskip fan 1933. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen fan 1936, wêr't hy meidie op alle ôfstannen. By de wrâldkampioenskippen wie syn bêste resultaat it 11e plak yn it einklassemint yn 1935. Noch yn 1950 kaam hy út op it Nederlânsk Kampioenskip.

Dijkstra wie ek in fertsjinstlik hurdfytser, wedstrydsiler en fuotballer. Sa wie hy keeper by ADO De Haach. Fan berop wie hy medikus. Hy ferhuze yn 1942 nei Amstelveen, dêr't hy húsarts waard.

Dijkstra wie in steunpylder fan syn dochter Sjoukje, dy't fan 1960 ôf triomfen fierde by it keunstriden. Inkele wiken nei it hichtepunt yn har karriêre, Olympysk goud op de Winterspullen 1964, kaam hy om it libben.

jier NK
Oer Alles
EK
Oer Alles
WK
Oer Alles
Olympyske
Spullen
1929 nc16
1933 sulver 17e
1935 11e
1936 16e 18e 24e 500m
20e 1500m
16e 5000m
20e 10.000m
1941 nc17
1942 nc21
1947 ns2
1951 nf3

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: