Springe nei ynhâld

Lútzen Dijkstra

Ut Wikipedy
Lútzen Dijkstra
Reedrider
Sjoukje Dijkstra wurdt 'medysk ûndersocht' troch har heit Lou Dijkstra, in dei nei de Winterspullen fan 1960 yn Garmisch-Partenkirchen
Sjoukje Dijkstra wurdt 'medysk ûndersocht' troch har heit Lou Dijkstra, in dei nei de Winterspullen fan 1960 yn Garmisch-Partenkirchen
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLútzen Dijkstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum7 maaie 1909
berteplakPeazens
stjerdatum24 april 1964
stjerplakAmstelfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdielLangebaan
O.S.Garmisch-Partenkirchen 1936

Lútzen (Lou) Dijkstra (Peazens, 7 maaie 1909 - Amstelfean, 24 april 1964) wie in Fryske reedrider en dokter.

Syn bêste útslach wie in twadde plak by it Nederlânsk Kampioenskip fan 1933. Hy die mei oan de Olympyske Winterspullen fan 1936, wêr't hy meidie op alle ôfstannen. By de wrâldkampioenskippen wie syn bêste resultaat it 11e plak yn it einklassemint yn 1935. Noch yn 1950 kaam er út op it Nederlânsk Kampioenskip.

Dijkstra wie ek in fertsjinstlik hurdfytser, wedstrydsiler en fuotballer. Sa wie er keeper by ADO De Haach.[1] Fan berop wie er medikus. Hy ferhuze yn 1942 nei Amstelveen, dêr't er húsarts waard.

Nei de oarloch waard er troch de KNSB op non-aktyf set, omdat er lid fan de NSB west hawwe soe, alhoewol't er troch de Bysûndere rjochtspleging fan alle blaam suvere wie. Yn 2023 krige Dijkstra, dy't mei in Joadske frou troud wie, postúm earherstel fan it reedrydbûn, nei ûndersyk troch de sporthistoarisy Marnix Koolhaas en Jurryt van de Vooren. [2]

Dijkstra wie in steunpylder fan syn dochter Sjoukje, dy't fan 1960 ôf triomfen fierde by it keunstriden. Inkele wiken nei it hichtepunt yn har karriêre, Olympysk goud op de Winterspullen 1964, kaam er om it libben by in ferkearsûngemak yn syn wenplak. [3]

jier NK
Oer Alles
EK
Oer Alles
WK
Oer Alles
Olympyske
Spullen
1929nc16
1933sulver17e
193511e
193616e18e24e 500m
20e 1500m
16e 5000m
20e 10.000m
1941nc17
1942nc21
1947ns2
1951nf3
Boarnen, noaten en/as referinsjes: