Lucas van Uden
Lucas van Uden (Antwerpen, 18 oktober 1595 – Antwerpen, 4 novimber 1672) wie in Flaamske Barokskilder, dy't him foaral talein hat op lânskipsskilderjen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1626-27 kaam Lucas van Uden by it Antwerpske St. Lukasgilde. Hoewol't Van Uden nea ta de studio fan Peter Paul Rubens heard hat, hat er dochs in soad te tankjen hân oan dy master. Van Uden hat sels ferskate kopieën fan Ruben's wurk makke. Wat syn skildertechnyk oanbelanget wie er eardere skilders as Joos de Momper en Jan Brueghel de Aldere mear ferskuldige. Algemiene skaaimerken fan syn wurk binne slanke beammen ôfstekkend tsjin in grieneftich fiersicht, út en troch befolke mei harders- en boerefigueren. In protte fan Van Udens figueren wiene óf neiskildere fan Rubens óf skildere troch David Teniers de Jongere. Hy wurdt ek faak yn ferbân brocht mei syn kollega-lânskipsskilder Jan Wildens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lucas van Uden fan Wikimedia Commons. |