Lowbudgetfilm
In lowbudgetfilm, ek stavere as low-budget film (Ingelsk foar "leechbudgetfilm"), is in film dy't makke wurdt mei in lyts budget en sûnder finansiering of oare stipe fan in grutte filmstudio. In protte ûnôfhinklike films binne feitliks lowbudgetfilms. Dit type film wurdt faak makke troch jonge, debutearjende filmmakkers, dy't noch net de reputaasje opboud hawwe om it mooglik te meitsjen stipe fan in filmstudio te besetten. Almeast krije se, nei't se har talinten mei ien of mear lowbudgetfilms bewiisd hawwe, de lieding oer gruttere filmprojekten taskood. Der binne lykwols ek regisseurs dy't harren hiele wurkpaad troch lowbudgetfilms meitsje, om't se de foarkar jouwe oan eigen sizzenskip dy't troch finansiering fan bûtenôf beheind wurde soe. Yn Nederlân is bygelyks Pim de la Parra sa'n filmmakker.
In lowbudgetfilm is net itselde as in B-film; dat is in filmproduksje fan in grutte studio dy't mei opsetsin goedkeap makke is hoewol't der ek mear jild yn pompt wurde kinnen hie, wylst in lowbudgetfilm goedkeap makke wurdt omreden fan gebrek oan middels. In protte lowbudgetfilms binne horrorfilms, mei't dy maklik te meitsjen wêze kinne, en fans fan it sjenre oer it algemien net male om in goedkeap makke film as se mar goed bangmakke wurde. Ek skrillerfilms binne wol lowbudgetfilms, om't dat sjenre him taleit op 'e plot, en de filmmakker sels bepale kin wat dy plot is, sadat er roeie kin mei de rimen dy't er hat. Science fiction-films, in sjenre dêr't yn 'e 1950-er jierren in protte B-films fan makke waarden, binne minder gaadlik foar moderne lowbudgetfilms, mar as it senario him taleit op ferhaal- en karakterûntwikkeling ynstee fan futuristyske technyk kinne ek dat soarte films lowbudgetfilms wêze. Boppedat komme der hieltyd mear goedkeape doch-it-sels-special effects beskikber foar wa't goed mei de kompjûter oer de wei kin.
In foarbyld fan in bekende lowbudgetfilm is de aksjefilm El Mariachi fan Robert Rodriguez, dy't yn 1992 foar $7.225 produsearre waard (hoewol't de postproduksje mear koste). Ek de horrorfilm The Blair Witch Project, út 1999 hie in tige lyts budget fan mar $25.000. Troch in slimme marketingkampanje hellen de makkers úteinlik it tsientûzenfâldige dêrfan op, $250 miljoen. Pornofilms binne hast altyd lowbudgetfilms, mar Deep Throat, út 1972, hie tsjin in budget fan minder as $25.000 in opbringst fan mear as $100 miljoen. Oare bekende foarbylden fan lowbudgetfilms binne Night of the Living Dead (1968), The Texas Chainsaw Massacre (1974), Monty Python and the Holy Grail (1975), Halloween (1978), Mad Max (1979), The Evil Dead (1981), Clerks (1994), Cube (1997), Open Water (2003), en Paranormal Activity (2007).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |