Springe nei ynhâld

Lorentzmedalje

Ut Wikipedy

De Lorentzmedalje is in wittenskipspriis dy't yn 1926 ynsteld is by gelegenheid fan it fyftichjirrich doktorsjubileum fan it Akademylid en Nobelpriiswinner H.A. Lorentz. De medalje wurdt ienris de fjouwer jier takend oan ûndersikers op it mêd fan de teoretyske natuerkunde. In net-permaninte kommissy fan de Ofdieling Natuerkunde fan de KNAW beoardielt de kandidaten dy't foardroegen binne. De earste medaljee waard yn 1927 takend oan Max Planck.