Loftus Road

Ut Wikipedy
Loftus Road
  stadion
The Loft
The Loft
lokaasje
lân Grut-Brittanje
lânsdiel Ingelân
plak Londen
algemiene ynformaasje
type fuotbalstadion
teams Queens Park Rangers
kapasiteit 19.100
type oerflak gers
bou
iepening 1904

Loftus Road is it stadion fan de profesjonele fuotbalklub Queens Park Rangers. Foarhinne, oant 1917 ta, wie it de thúshaven fan Shepherd's Bush FC. Tusken 2002 en 2004 hat ek Fulham FC it stadion brûkt, fanwege ferbouwings yn it eigen stadion. Loftus Road is it lytste stadion fan 'e Ingelske heechste difyzje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stadion waard op 22 oktober 1904 foar de earste kear brûkt troch Shepherd's Bush FC, in amateurferiening dy't tidens de Earste Wrâldkriich, yn 1915 ferdwûn. Yn 1917 ferhuzen de Queens Park Rangers nei it stadion, wêrby se in houten tribune fan it âlde stadion meinamen. Yn 1953 waard it stadion foarsjoen fan fjouwer ljochtmêsten, wêrtrocht de klub ek by tsjuster har thúswedstriden spylje mocht. Yn 1969 en 1972 waarden nije tribunes boud oan 'e lange siden fan it fjild, en yn 1980 en 1981 barde dat ek oan 'e koarte siden fan it fjild. Fanôf dat jier hie it stadion oan alle fjouwer siden tribunes stean. Yn 1994 waarden de lêste steanplakken ferfongen troch sitplakken. Sûnttiid hat it stadion gjin grutte feroarings mear ûndergongen.

Berikberheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stadion leit op fiif minuten rinnen fan it metrostasjon White City. Inkelde minuten fierder leit it metrostasjon Wood Lane.