Springe nei ynhâld

Lofoten

Ut Wikipedy
Lizzing fan Lofoten
Lofoten eksportearret al sa'n 1000 jier stokfisk

Lofoten (iental yn it Noarsk, yn oare talen ek as meartal brûkt) is in eilannekloft foar de kust fan Noarwegen yn de provinsje Nordland yn it noarden fan Noarwegen. Lofoten leit op de 68e en 69e breedtegraad, dat benoarden de poalsirkel, mar hat dochs in frijwat myld klimaat troch de ynfloed fan de Golfstream en syn útrinners.

De eilannen binne fral bekend om syn fiskerijtradysje, dy't grif tûzen jier tebek giet. Lofoten leit isolearre, mar jout dochs in bloeiende yndruk. De hiele ekonomy draait om de fiskerij en simmerdeis ek om it toerisme. Der ferskine hjir en dêr no ek simmerhûskes.

It byld fan Lofoten wurdt meast behearske troch houten rekken mei kabeljau dy't te drûgjen hingje. Al iuwenlang is de Lofotenfiskerij in begryp. Midden yn de winter farre de skippen út om yn in bestek fan in pear moannen in hiele haal te dwaan. De fiskgrûnen rûnom de eilannen binne ryk troch de kâlde streamen fan de Noardatlantyske Oseaan.

Yn it plakje Å wie eartiids in bloeiende stokfiskferwurkjende-yndustry, no is dêr it Lofoten Stokfiskmuseum (Noarsk: Lofoten Tørrfiskmuseum).

De meast bekende eilannen fan Lofoten:

Grutste plakken op Lofoten binne Svolvær, Leknes, Vågan, Ramberg, Moskenes en Reine.

Lofoten yn bylden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]