Loes Schellekens
Loes Schellekens | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Loes Schellekens | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1955 | |
berteplak | De Jouwer | |
offisjele webside | ||
http://www.loesschellekens.nl/ |
Loes Schellekens (De Jouwer, 1955) is in Fryske keunstner dy't bylden, peinjes en skilderijen makket.
Schellekens wenne it grutste part fan har libben yn Utert. Dêr gie se tusken 1975 en 1980 nei de Hegeskoalle foar Byldzjende Keunsten en spesjalisearre har yn Monumintale Foarmjouwing. Dêrnei gie se oant 1985 nei de Akademy foar Byldzjende foarmjouwing yn Amersfoort yn de rjochting Romtlike Plastyske Foarmjouwing. As dosinte wurke se dêrnei oan it MBU Nimeto Utert.
Yn de njoggentiger jierren rekke se op har reis troch Afrika fassinearre troch Afrikaanske minsken en harren maskers, kapsels, keatlings en oare fersierings. Sûnttiids kombinearret se de Afrikaanske ynfloeden mei eleminten út de westerske kultuer. Dêrby is it minsklike figuer har útgongspunt. Se is dêrby fassinearre troch grasjeuze, estetyske, grutske of teatrale ferskiningsfoarmen fan de minsklike figuer.[1] Yn har skilderingen mingt se gauris de werklikheid mei har fantasij.[2]
Fan 1983 oant 1999 wie se oansluten by de Utertske keunstnersgroep 'Atelier Tij'. Yn 1996 wûn hja de Pieter d'Hont-priis foar byldhouwers. Yn 2003 makke Schellekens yn opdracht in byld foar de 'Jan Huygen van Linschoten priis' foar súksesfolle ûndernimmers yn it bûtenlân. Sûnt 2006 is se lid fan it Lanlik Keuntnersgenoatskip 'de Ploegh' yn Soest. As medaljeur is se oansluten by de 'Fidem' ('Fédération Internationale de la Médaille d'Art') en is se bestjoerslid fan de 'Vereniging voor Penningkunst'.
Wurk fan har waard oankocht troch de ABN-AMRO yn Amsterdam, it Wrâld Natoer Fûns yn Zeist, de Seehûnekresj yn Pieterburen en it Merwedesikehûs yn Dordrecht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|