Lmbatavank
Lmbatavank
Լմբատավանք | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
Provinsje | Sjirak | |
plak | by Artik | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 7e iuw |
Lmbatavank (Armeensk: Լմբատավանք), offisjeel: De Stefanustsjerke fan it kleaster Lmbat (Armeensk: Լմպատի վանքի Սուրբ Ստեփանոս եկեղեցի), is in tsjerkegebou op in heuvel súdwestlik fan de stêd Artik yn de Armeenske provinsje Sjirak,
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oan de martler Stefanus wijde tsjerke datearret út de 7e iuw.
Yn de jierren 1955-1956 waard de tsjerke foar in part rekonstruearre.
By opgravings om de tsjerke hinne yn 1960 waard ûtdutsen dat it gebiet yn de brûnstiid in ikker foar de deaden wie. Ek kamen by de opgravings tal fan krússtiennen oan it ljocht, dêr't guon fan opsteld steane tsjin de muorreresten njonken de tsjerke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De krúsfoarmige tsjerke wurdt bekroand mei in koepel op in achthoekige tamboer. De fjouwer earmen fan de tsjerke hawwe allegear in sealtek. De tsjerke hat ien portaal dat nei it ynterieur liedt en grinzgjend oan de haadyngong is noch in portaal sûnder doar, dat nei in sydkapel liedt. Oan de oare kant fan de tsjerke binne ynskripsjes en in croix pattée yn it midden fan in sirkel lofts fan it legere finster. Itselde type krús is ek op oare tsjerken yn de omkriten fan Artik te sjen.
Yn de apsis binne belangrike fresko's út de 7e iuw bewarre bleaun mei resten fan in foarstelling fan Jezus mei om him hinne himelske machten. Ek is der in fresko fan Sint-Joaris op it hynder en yn 'e hân in mei in krús bekroande stêf te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|