Lloyd Stearman
Lloyd Carlton Stearman (Wellsford, Kansas, 26 oktober 1898 - Northridge, Los Angeles, Kalifornje, 3 april 1975) wie in Amerikaanske fleander, fleantúchûntwerper en oprjochter fan de Stearman Aircraft Corporation.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stearman studearre boukunde en arsjitektuer oan it Kansas State College yn Manhattan yn 1917 en 1918. Hy hold op mei syn stúdzje en gie by de United States Naval Reserve yn San Diego yn Kalifornje. Dêr learde er Curtis N-9 wetterfleantugen te fleanen.
Healwei de jierren 1920 naam Emil Matthew Laird, de ûntwerper fan de Laird Swallow, Stearman yn tsjinst as monteur, wat Stearmans earste kennismakking mei fleantúchbou wie. Op 4 febrewaris 1925 rjochte Stearman yn 'e mande mei Walter Beech en Clyde Cessna de Travel Air Manufacturing Company op, dy 't er op 27 septimber 1927 ferliet om syn eigen bedriuw, de Stearman Aircraft Corporation, op te rjochtsjen. Mei dat bedriuw boude er de Stearman C 2 en de Stearman C 3 en oare twaddekkers foar post- en frachtferfier en training. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden in soad fan de PT-13 trainingsfleantugen omboud ta lânboufleantugen. Yn 1948 wiene der 4.345 Stearman fleantugen yn tsjinst yn de lânboufleanderij.
Yn 1929 waarden Stearman Aircraft, Boeing Airplane Company, Boeing Aircraft of Canada, Varney Airlines, National Air Transport, Pacific Air Transport, Boeing Air Transport, Hamilton Standard Propeller, Sikorsky, Pratt & Whitney, Chance Vought, Northrop en United Airports of Connecticut fusearre ta de United Aircraft and Transportation Corporation fan William Boeing. Stearman hold syn posysje as direkteur fan de Stearman Division oant er yn 1931 ûntslach naam. Yn 1932 waard er chief executive officer fan Lockheed. Yn de tiid dat er by it bedriuw wurke waarden de Lockheed Model 10 en Lockheed 12 ûntwikkele. Yn 1936 rjochte er tegearre mei Dean B. Hammond de Stearman-Hammond Aircraft Corporation om de Stearman-Hammond Y-1 te bouwen.
Stearman stoar oan kanker op 3 april 1975 yn syn hûs yn Northridge, Los Angeles.
Om reden fan syn bydragen oan de fleantúchyndustry waard Lloyd Stearman yn july 1989 opnommen yn de National Aviation Hall of Fame yn Dayton, Ohio.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|