Linda Dubbeldeman
Linda Dubbeldeman (Leien, 21 april 1964) is in Nederlânske aktrise en fotomodel.
Dubbeldeman gie nei it gymnasium en wie fanôf har 18e fotomodel; dat wurk die hja oant har 24e jier. Yn oktober 1985 posearre se foar it manljusblêd Playboy. In jier letter waard hja frege foar it telefyzjeprogramma Verona fan Henk Spaan en Harry Vermeegen. In de rubriek Noordzee TV hie se de rol fan de himmele Brenda Steunbeer, de presintatrise fan de optochte stjoerder en assistinte fan omropbaas Arie Boksbeugel (spile troch Ferry de Groot). De Groot en Dubbeldeman, troch Verona bekend wurden, treden as Arie en Brenda yn hiel Nederlân op. Yn 1987 kamen se mei de single "Doortrekken", in parody op it hitsje "Star Trekkin'" fan The Firm. Dubbeldeman wie twaris neaken te sjen yn Penthouse, yn desimber 1987 en desimber 1988. Ek spile Dubbeldeman yn de Nederlânske spylfilm De Ratelrat (1987).
Sy rekke yn de kunde mei muzikant Toni Peroni en begûn mei him opnamestudio Starsound Studio yn Utert. Peroni en Dubbeldeman krigen ferkearing en waarden yn oktober 1989 âlden fan in soan. Nei 23 jier kaam lykwols in ein oan it houlik.
Yn augustus 2010 wie Dubbeldeman it ûnderwerp fan it programma Het mooiste meisje van de klas fan Jaap Jongbloed dat útstjoerd waard troch de TROS.