Springe nei ynhâld

Skientme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lilkens (eigenskip))

Skientme, kreazens, kreasheid, moaiens, moaiheid, tsjeppens of tsjepheid is in eigenskip fan in minske, bist, geografyske lokaasje, idee of foarwerp dy't yn 'e persepsje fan in taskôger liedt ta ûnderfining fan geniet of in gefoel fan tefredenens. Dit konsept wurdt bestudearre as ûnderdiel fan 'e bredere terreinen fan 'e estetyk, kultuer, sosjale psychology en sosjology. It tsjinstelde fan skientme is lilkens. It stribjen of sykjen nei de heechste foarm fan skientme is in skientme-ideaal. Sokke ideälen ferskille lykwols fan kultuer ta kultuer en ferskowe fan tiid ta tiid. Sadwaande kin eat dat yn Afrika as skientme-ideaal beskôge wurdt yn Jeropa alhiel net moai fûn wurde, en krektlyk binne de mûtele froulju dy't Rubens yn 'e sechstjinde iuw skildere bepaald net mear it skientme-ideaal dat yn 'e ienentweintichste iuw jildt.

De ûnderfining fan skientme hat faak te krijen mei in ynterpretaasje fan in plak, foarwerp of idee as yn harmony mei de natoer, wat by de taskôger liede kin ta positive gefoelens dêrfoaroer. As it om in minske giet, hat de ûnderfining fan skientme faak te krijen mei seksuële oantrekkingskrêft, hoewol't poer estetyske wurdearring fan skientme ek mooglik is. Om't de ûnderfining fan skientme sterk subjektyf bepaald wurdt, is it net mooglik om der in slutende definysje foar te jaan, sels net binnen ien kultuer of ien tiidrek. It Ingelsk hat in sprekwurd dat seit: beauty is in the eye of the beholder ("skientme sit yn it each fan 'e taskôger"), en dat is mar al te wier.

Dêrby kin lykwols wol oantekene wurde dat út wittenskiplik ûndersyk nei foarren kommen is dat hiel algemiene persepsjes fan skientme wierskynlik evolúsjonêr bepaald binne. Op it mêd fan minsken moat men dan tinke oan tsjinstellings as jong-âld en sûn-siik, en oangeande lânskippen oan tsjinstellings as grien-keal. Frijwol eltsenien sil it dermei iens wêze dat jong, sûn of grien moaier is as âld, siik of keal. Saakkundigen binne fan betinken dat soks genetysk fêstlein is, wêrby't de as 'moai' ûnderfûne begripen in gruttere kâns op it oerlibjen fan 'e minske as soarte biede, itsij troch fuortplanting (jong, sûn), itsij omreden fan 'e (gruttere) beskikberheid fan iten (wielderige plantegroei).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.