Springe nei ynhâld

Lilian Holt

Ut Wikipedy

Lilian Holt (1898-1983) wie in Britsk keunstskilderesse.

Lilian Holt studearre oan de Putney Art School en de Regent Street Polytechnic.[1] Sy wie ien fan de stifters fan it keunstnerskollektyf de Boroughgroep.

Holt har earste man wie in Londensk keunsthanneler. Har twadde man wie de keunstskilder David Bomberg (1890-1957). Sy krige earst in útstalling fan har wurk doe't hja al boppe de 70 wie.

Holt har wurk sit yn de permaninte kolleksje fan de Tate Galery

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alicia Foster, Tate women artists, 2004. Tate, Londen