Lifford
Appearance
Lifford Leifear | ||
Haadstrjitte Lifford | ||
Polityk | ||
Lân | Ierlân | |
Provinsje | Ulster | |
Greefskip | Donegal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.448 (2006) | |
Stêdekloft | 3.389 (mei omkriten) | |
Hichte | 6 m | |
Oar | ||
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) www.donegalcoco.ie |
Lifford (Iersk-Gaelysk: Leifear) is de haadstêd fan it Ierske greefskip Donegal dêr't de sit fan it bestjoer fan it greefskip is.
Lifford leit yn de delling fan de rivier Finn yn East Donegal op it plak dêr't de Finn yn de rivier Mourne útkomt om fierder te gean as de rivier de Foyle.
De stêd is ûntstien om in kastiel hinne dat boud waard troch Mangus Ó Domhnaill, de hearsker oer West-Donegal (Tír Chonaill) yn de 16e iuw. It kastiel waard letter brûkt troch it Britske leger oant de Ierske ûnôfhinklikens yn 1922.
-
It Greyhoundstadion yn Lifford
-
It âlde gerjochtsgebou
-
De Stien fan Ogham yn Lifford