Springe nei ynhâld

Organisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Libbensfoarm)
De Escherichia coli, in prokaryoatysk mikro-organisme.

In organisme, fan it Grykske ὀργανισμός, organismos (fan ὄργανον, organon, "ynstrumint" of "ark"), is yn 'e biology in libben wêzen mei in eigen stofwikseling. In minder wittenskiplik synonym foar 'organisme' is wêzen. Yn 'e taksonomy wurde organismen tsjintwurdich ferdield yn twa soarten: de prokaryoaten (Prokaryota) en de eukaryoaten (Eukaryota). De prokaryoaten wurde fertsjintwurdige troch twa ûnderskate domeinen: de baktearjes (Bacteria) en de oerbaktearjes (Archaea). De eukaryoaten foarmje ien domein, dat fierder opdield wurde kin yn in stikmannich riken, wêrfan't dy fan 'e dieren (Animalia), de planten (Plantae), de skimmels (Fungi) en de protisten (Protista) de grutsten en wichtichsten binne. Firussen en prioanen wurde yn 'e regel net as organismen beskôge.

Alle bekende foarmen fan organismen binne by steat om yn in beskate mjitte te reägearjen op prikels, har fuort te plantsjen, te groeien en har te ûntwikkeljen en harsels te regulearjen. In organisme kin in iensellige wêze (dus út ien inkele sel bestean), mar it kin ek, lykas dat by de minske it gefal is, út biljoenen en nochris biljoenen ferskillende sellen bestean, dy't groepearre binne om spesjalisearre weefsels en organen te foarmjen. Mei de term mearselligen wurde alle organismen oantsjutten dy't út mear as ien sel besteane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.