Springe nei ynhâld

Letterlape

Ut Wikipedy
letterlape út 1901

In letterlape (ek: letterdoek of merklape ) is in borduerde doek dy't troch famkes tusken 5-14 jier makke waard om te oefenjen yn it bordueren en it lettere linnenguod of útset in merkje jaan te kinnen. It Frysk Museum hat mear as 400 letterlapen út ± 1600-1870.

Wannear't de letterlape krekt ûntstien is, is ûnbekend. Wol is der in letterlape te sjen op in skilderij fan Joos van Cleve "De hillige famylje", dat om 1520 hinne makke is yn Antwerpen. De âldste yn Nederlân oanwêzege letterlape komt út 1608. Dêrfoar waarden grif ek al letterlapen makke, want de earste printe patroaneboekjes fan Johann Schonsperger ferskynden yn 1523 yn Augsburg. Yn Nederlân waard yn it begjin benammen nei patroanen fan memmes letterlape of sels 'ûntwurpen' patroanen makke nei bibelske tafrielen. It alfabet waard brûkt foar it merken fan de linnenútset en de sifers om oan te jaan hoefolle men fan in bepaalde soarte hie. It wie eartiids wizânsje om it linnenguod ien of twa kear jiers nei waskerijen en blekerijen te bringen. Om ferwikseling en stellen foar te kommen moast it linnenguod merke wurde.

Faak wie it ek de frou fan de skoalmaster dy't ûnderrjocht yn hantwurkjen joech. Om 1880 kaam de skoalwet dy't bepaalde dat oan de legere skoallen les jûn wurde moast yn ûnder oare 'fraaie hantwurken foar famkes'. Dit wie de oanset foar de bekende reade skoallelapkes. Meast yn krússtek litte se alfabetten (goatysk of romeinsk), sifers, skipkes, mooltsjes, húskes, passysymboalen en ek faak geloksfûgels en libbenssymboalen sjen. Der waarden ek tagelyk rântjes borduerd. It sjenre is ynternasjonaal, mar de Fryske kleuren falle op.

  • Pronklappen uit Nederlandse en Belgische meisjesscholen - Hennie en Sjoerd Stevan (Museum foar Nillekeunst yn Winschoten)
  • Tilly's huisjes en kruisjes - Tilly Jepsen-Flohil
  • "Jan Houtman: zijn merklappen in boekvorm

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Merklappen.